Famylje keatsen
Ek no waard der fanatyk keatst om de moaie priizen en wa wol der no net graach in krânse oan ‘e muorre hingjen ha? Om yn’e finale te kommen moast der trije kear keatst wurde, dat jo kinne sprekke fan net oars as in kondysje slach. It moaie fan sa in famyljekeatserij is: kinst net tige opsjitte mei dyn man, frou, bern, broer of suster, hja wurde it alhiel iens. In bern koe syn heit en mem net mear fyne, wat dy blyken? : hja wiene fuortendaliks nei hûs ôfset. Nei it keatsen gong eltsenien (útsein dy heit en mem) nei de priisútrikking yn de Wjukken en dernei, ûnder it geniet fan in hapkje en drankje, in noflike neisit. Priiswinners: 1e priis: Sjirk de Groot en Gjalt de Groot. 2e priis: Joke Koldijk, Jennie Terpstra en Jelle Terpstra. 3e priis: Albert Reitsema, Thalia Reitsema en Elaine Reitsema.
Geplaatst op 15 July 2016